Gersmoanne 2012

 

AKKE IS NOCH LINICH

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.

No’t it jild al mar krapper wurdt en de befolking krimpt, freegje ik my wolris ôf hoe Rie der oer in jier as tsien bylizze sil. Wurdt it in doarp sûnder ien inkelde foarsjenning? Hoe fierder wy yn de tiid komme, hoe mear de klok hjir weromdraaid wurdt, liket it wol. Noch even en wy binne wer werom yn de midsieuwen. Dat is foaral foar my net te hoopjen, want in frou dy’t doedestiids de bek iepenskuorde, waard al gau as heks besjoen. Aansens wolle jim my ek noch opbaarne.

Soene de huzen hjir noch in sint wurdich wêze? Sa fier by alles wei. En dat mei dy hege bezinekosten. In hûs is hjir no al hast net mear te ferkeapjen. Mar, sa’t de bekende filosoof al sei, yder nadeel heb se foordeel. Want as de Riesters troch de need twongen wat honkfêster binne en net nei in pear jier al wer ferhúzje, jout dat ek de kâns om it mei inoar gesellich te meitsjen. Krekt as froeger, doe ’t de minsken ek net alle kanten opfleane koene. En dan binne der dus just wer foarsjennings noadich, lykas it doarpshûs en de gymnastykseal. Dus moatte wy no even oppasse dat wy se net kwytreitsje. Want as se ienkear fuort binne, krije wy se net wer werom. As it oan de gemeente leit, dan bliuwt der mar ien fan beiden oer, want dat is fansels folle goedkeaper. Mar dat wolle wy net. Dêrom stel ik foar dat wy allegearre as it spoar lid wurde fan de gymnastykferiening. Dan kin juf Maaike mar oan de bak. Ik en Durk ha ús al opjûn, want wy binne best noch wol linich. In fûgelnestje meitsje, ha wy gjin muoite mei. Op sa’n manier is de gymnastykseal alle jûnen beset. As der dan tagelyk wat oars is, moat dat wol yn it doarpshûs, jo kinne net tagelyk fergaderje, wylst der ien in salto oer de tafel makket, dus moat dat ek bliuwe. Boppedat is in bytsje lichemsbeweging in goeie saak nei al dat stil sitten achter de kompjoeter. Dat der net ien mear yn it bestjoer wol, is net slim. In bestjoer is âlderwets. Alles kin wol regele wurde mei twitterjen. Ik kin it witte, want sels twitterje ik al fjirtich jier mei Durk.

 

Durks Akke

 

 

 

 

 

 

 

Goeie,

Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer. Ik en myn man Durk. Soe der noch ien wêze dy ‘t my net kin: ik bin in bekende Riester en ik skriuw alle kearen in stikje yn ús doarpskrantsje “it Kattebeltsje”. Fanwege myn útsicht wit ik alles wat der yn Rie bart, dat sadwaande. De Riesters hawwe it o sa mei my troffen, om ‘t ik foar alle problemen yn it doarp wol in oplossing ha. Meastal skriuw ik myn stikjes op humoristyske wize om ‘t it libben al dreech genôch is, mar dizze “site” fan Rie haw ik mar in bytsje serieus hâlden.